"Skarsterlân wol net mei Fean"

Hearrenfean kin mar better ophâlde mei plannen foar weryndieling mei Skarsterlân. Yn Skarsterlân sitte se net op in fúzje mei Hearrenfean te wachtsjen. Dat is de reaksje fan 'e polityk yn Skarsterlân.
De ried fan Hearrenfean besleat tongersdei foar ûndersyk nei in fúzje mei Skarsterlân. Mar op 'e Jouwer binne se drok dwaande mei in fúzje mei Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân. Dat is de bêste opsje foar Skarsterlân, fynt ek de PvdA yn 'e gemeente.