Nije software plysjekompjûters

19 nov 2010 - 10:06

De kompjûters fan 'e plysje krije nije software. De plysje hopet dat it systeem dêrtroch betrouberder wurdt. Boppedat moat it ek makliker wurde om dermei te wurkjen. De software wurdt kommende snein ynstallearre. It hat fierders gjin gefolgen foar it wurkjen fan de plysje op dy dei.

Koartlyn kaam yn it nijs dat it kompjûtersysteem fan alle plysjekorpsen min wurket. It wurk fan snein wie dêrfoar al pland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)