Jeugd wit fan regels ynternet

Jongeren binne minder kwetsber op ynternet as tocht. Dat docht bliken út ûndersyk fan 'e NHL. De HBO-skoalle is sûnt koart dwaande mei in fjouwerjierrich ûndersyk. Op in byienkomst foar helpferlieners binne tongersdei de earste resultaten presintearre.
Jongeren witte hiel goed wêr't se mei dwaande binne op ynternet, ek as it giet om seksuele aktiviteiten. De NHL pleitet der wol foar dat âlden mear each hawwe foar digitale opfieding.