'Te min froulju ferkiesber'

18 nov 2010 - 22:05

Der binne fierstente min froulju aktyf yn de polityk fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Dat seit de earste frou op de list fan it CDA, Gea Akkerman fan Snits. Fan de boppeste fiif kandidaten by de grutte partijen is minder as in tredde frou: 7 om 23.

Akkerman neamt dy ferhâlding net mear fan dizze tiid en fynt dat de gemeenteried in goede ôfspegeling fan de maatskippij wêze moat. Sels stiet Akkerman as fjirde op de list, de twadde frou stiet op it alfde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)