Tytsjerksteradiel: Ter Keurs

18 nov 2010 - 20:17

Boargemaster Eric ter Keurs fan Ljouwerteradiel wurdt foardroegen as earste boarger fan Tytsjerksteradiel. Hy is tongersdei troch de ried nei foaren skood om Gerrit Jan Polderman op te folgjen.

VVD'er Ter Keurs is 45 jier en is sûnt 2004 boargemaster fan Ljouwerteradiel. Dêrfoar hat er twa jier wethâlder yn Slochteren west. De betrouwenskommisje is unanym oer de foardracht, alle riedsleden stimden dermei yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)