Bouwmeester test yn Perth

18 nov 2010 - 19:48

Marit Bouwmeester is krekt as har broer Roelof en Pieter-Jan Postma op dit stuit yn Perth. Oan de westkust fan Australië dogge se mei oan in ynternasjonale regatta. In moaie test omdat yn desimber 2011 dêr de wrâldkampioenskippen binne.

"It is wennen oan de omstannichheden", sei Marit nei in pear dagen silen. Se stiet no njoggende yn de tuskenstân fan de Laser Radial. Roelof Bouwmeester is 16e yn de Laser en Pieter-Jan Postma 11e yn de Finn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)