Jild nedich foar Ofslútdyk

18 nov 2010 - 17:24

Der is mear as 150 miljoen tekoart foar it feilich meitsjen fan de Ofslútdyk. Dat stelt de kommisje Nijpels dy't de takomst fan de dyk ûndersiket. Nijpels ropt steatssiktaris Joop Atsma op gau mear jild beskikber te stellen om de feiligens op peil te bringen.

In stoarmskyld is de goedkeapste wize om de feilichheid te ferbetterjen, mar ek sjocht de kommisje kânsen foar it ûntwerp fan in 'oerslachbestindige dyk'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)