Mooglik mes set yn Lauwerspas

18 nov 2010 - 17:22

De minima regeling foar âlderein en minima yn fjouwer gemeenten yn Noardeast Fryslân wurdt foar in part útklaaid. Dy regeling stie bekend as de Lauwerspas. Minsken mei in minimum ynkommen en de âlderein koene fergees in reiske meitsje en koarting krije by winkels middels in foardielgids.

Ek koene minsken it jild werom krije foar bygelyks in grutte oankeap of it lidmaatskip fan in feriening. Mar mei yngong fan 2012 wurdt dêr mooglik it mes yn set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)