'Slach by Warns' krijt gelyk

18 nov 2010 - 16:39
  • De rjochter kaam yn juny sels te sjen op it Reaklif

De rjochtbank hat tongersdei bepaald dat de buorman fan it lân fan de Stichting Slach by Warns it troch him pleatste stek fuorthelje moat. It skeel oer it stek rint al jierren. De stichting fynt dat de buorman him in stik lân fan de stichting taeigene hat troch der in stek op te setten.

De útspraak fan de rjochter is dat de buorman it stek binnen trije moanne oprêde moat. Docht er dat net dan moat er 100 euro boete deis betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)