Twa kear gaslek yn Ljouwert

Yn twa oeren tiid moast de brânwacht fan Ljouwert tongersdeitemiddei twa kear útrukke foar in gaslek. Yn ferbân mei de oanlis fan in glêsfiberkabel waard beide kearen in gaslieding licht rekke.
Krekt nei tolven wie it raak op de Willem Ouwenstrjitte en twa oeren letter wie der in lek op de Archipelwei. Yn beide gefallen koe de gaslieding mei pasta behannele wurde en waard der gjin grut alarm slein.