TV-spot foar gouden tip

18 nov 2010 - 12:24

It is yntusken mear as trije jier lyn, mar Pieter de Vries kin der min oer dat it de plysje net slagget om de minsken te finen dy't syn pleats yn 'e brân stutsen. Hy kocht reklametiid by Omrop Fryslân op tv en yn in spot seit er dat de dejinge mei de gouden tip op 15.000 euro rekkenje kin. Woansdei wie dy spot foar it earst te sjen.

Yn de nacht fan 12 op 13 maaie 2007 baarnde de pleats fan De Vries yn Suderbuorren by Ljouwert folslein ôf. De brân wie oanstutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)