Skjinmakkers ûnder druk set

Minder oeren foar skjinmakpersoniel fleanbasis
De skjinmakkers dy't wurkje op de fleanbasis by Ljouwert, sette ûnder druk in hanteken ûnder in kontrakt dat alhiel net goed foar har is, neffens Jan Kampherbeek fan CNV Vakmensen. It bedriuw CSU wûn in oanbesteging en mei tenei dat skjinmakwurk dwaan.
It oanbelangjende personiel moat neffens de regels fan de foargonger oernommen wurde. Yn praktyk docht neffens Kampherbeek bliken dat CSU de skjinmakkers 20% minder oeren jaan wol en dus 20% minder ynkomsten.