Projekt Nij Saailân nominearre

18 nov 2010 - 10:19

It projekt Nij Saailân yn Ljouwert is as iennichst Frysk bouprojekt nominearre foar de Cobouw Award 2010. Cobouw is it deiblêd foar de bou en rikt dit jier foar de earste kear de award foar 'it bêste bouprojekt' út.

Der binne tweintich projekten nominearre yn dy kategory. De útrikking is op 30 novimber op in gala-jûn yn Noordwijk. Yn totaal wurde der sân awards útrikt foar projekten yn de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)