Platina foar Snuf de Hond

18 nov 2010 - 09:37

De DVD fan Snuf de Hond is mear as 200.000 kear ferkocht. Dêrmei hat de film fan regisseur Steven de Jong de platina status helle.

De award dy't dêrfoar beskikber is wurdt no sneon by de Mediamarkt yn Ljouwert oerlange oan ûnder oaren De Jong en haadrolspylster Ydwer Bosma. Ek sil dan de presintaasje fan de tredde Snuf-film 'Snuf de Hond en het Spookslot' plakfine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)