Accolade krijt ljedderlift

17 nov 2010 - 19:21

De ûnderhâldsmeiwurkers fan wenningboukorporaasje Accolade hoege tenei net mear op har buske te klimmen om de ljedder derôf te heljen. De wenningboukorporaasje hat 23 nije auto's oanskaft en op 15 dêrfan sit in spesjale ljedderlift.

Doel is ek dat de auto's in stik skjinner binne as de âlde, omdat se foldogge oan folle strangere regels. Woansdei binne de auto's levere troch in garaazje yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)