Man oerriden troch frachtauto

Helptsjinsten op it plak fan it auto-ûngelok yn Frjentsjer
By in ûngelok op de Edisonstrjitte yn Frjentsjer is woansdei in man om it libben kaam. De man waard oerriden troch in frachtauto dy't fan de Edisonstrjitte de Harnzerstrjitwei opride woe. Dy seach dêrby de man, dy't op de fentwei fytste, oer de holle. Hoe't dat koe wurdt troch de plysje ûndersocht.
De frachtweinsjauffeur seit neat fan it ûngelok murken te hawwen.