Wikseljende skoare HBU's

17 nov 2010 - 16:45

De Fryske hegeskoallen skoare wikseljend yn de lanlike keuzegids foar it hbû. Guon opliedings steane boppe-oan, wylst oaren ûnderoan bongelje. Sa docht de hotelskoalle fan Stenden it neffens de sifers it minste fan alle hotelskoallen fan Nederlân.

De Seefeartskoalle op Skylge fan 'e NHL is de bêste fan it lân. Dy lêste krijt mar leafst trije plussen, de heechst helbere skoare. Enkêtes ûnder studinten binne de basis foar de Keuzegids.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)