Femmigje Sytsma nominearre

Sytsma is nominearre foar it oersetten fan it boek Muleum fan Erlend Loe
Oersetster Femmigje Andersen Sytsma, oarspronkelik fan Ljouwert, is nominearre foar de Grote Jongerenliteratuurprijs 2010. Andersen Sytsma sette in Noarske roman oer yn it Nederlânsk. Har oersetting is, mei twa oare boeken, selektearre út in longlist fan 68 boeken.
De priis fan 2500 euro wurdt freed útrikt op it Crossing Border-festival yn Den Haach. Femmigje Andersen Sytsma (29) studearre Skandinavyske talen yn Grins en wennet no yn Bodø yn Noarwegen.