H'fean wint ferljochtingspriis

17 nov 2010 - 14:39

De gemeente Hearrenfean hat in priis wûn foar syn iepenbiere ferljochting. It is foar it earst dat de priis útrikt wurdt. Der binne trije kategoryen. Hearrenfean hat wûn by de gemeenten oant 80.000 ynwenners.

De gemeente krijt de priis omdat se 20% minder enerzjy brûke foar de iepenbiere ferljochting. Dit is ûnder oaren berikt troch lampen te dimmen. De priis wurdt woansdei útrikt op it klimaatkongres yn Utrecht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)