Plysje ûndersiket oerfallen

De plysje ûndersiket of der in ferbân is tusken oerfallen op De Gordyk, yn Aldskoat en yn Drachten. Yn Drachten waard tiisdei in âlder echtpear oerfallen yn harren hûs oan de Schwartzenbergleane. De man (87) waard hjirby troch de oerfallers slein.
Doe't syn frou (83) de oerfallers jild joech naaiden de oerfallers út. In kertier earder hiene se al in ynwenster fan Drachten mishannele op de Langewyk. Der lykje oerienkomsten te wêzen mei eardere oerfallen.