Doarpen Skar. skriuwe H'fean
15 doarpsbelangen fan de doarpen yn Skarsterlân ha in brief skreun oan de gemeenteried fan Hearrenfean. Se steure har bot oan de arrogânsje fan boargemaster en wethâlders. Dy stelden twa wike lyn dat guon doarpen fan Skarsterlân wol mei in fúzje nei Hearrenfean oergean kinne soene.
De doarpsbelangen fine dat it oergean fan de doarpen fan ûnderen op komme moat en net troch de boargemaster en wethâlders fan in buorgemeente oplein wurde kin.