De Hemrik:100 griene gasauto's

© Omrop Fryslân
De provinsje en de gemeente Ljouwert lûke de ponge foar 100 griene gasauto's op bedriuweterein De Hemrik yn Ljouwert. Dat binne auto's dy't op biogas ride. Bedriuwen op De Hemrik kinne in fergoeding krije foar eltse auto dy't se op grien gas ride litte.
De priis fan it gas wurdt mei help fan subsydzje leech hâlden. It projekt Hemrik 100 is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert, mar past yn de plannen fan de noardlike provinsjes foar mear duorsume auto's op 'e dyk.