Twizelerheide: firtueel loket

17 nov 2010 - 11:48

Twizelerheide krijt in stipepunt en in firtueel loket. De twa projekten krije in plak yn it eardere bankgebou oan de Ds. Zijlstrawei. It firtueel loket moat it ferdwinen fan foarsjennings út it doarp opheine. By it loket kinne minsken op in byldskerm kontakt lizze mei de plysje en ferskate ôfdielings fan de gemeente Achtkarspelen.

Yn it stipepunt wurde aktiviteiten opset, lykas in winkel yn healsliten guod. Nije wike sneon sil boargemaster Van der Zwan de projekten iepenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)