Dealers oppakt op 'e Weaze

De plysje hat tiisdei op en om de Weaze yn Ljouwert trije ynwenners fan de Fryske haadstêd oppakt fanwege drugshannel. It giet om manlju fan 24, 33 en 42 jier. De 24-jierrige ferkocht drugs oan de oare fertochten. De drugs binne yn beslach nommen.
De manlju hawwe alle trije proses-ferbaal krigen. De plysje is fan doel om de kommende tiid faker yn de binnenstêd yn aksje te kommen om drugsoerlêst tsjin te gean.