Kofjebeanplein foar De Jouwer

De makette fan it foarstel
De Jouwer moat in tagongsplein krije yn de foarm fan in kofjebeantsje. Mei dat plan komt Atelier Fryslân. Dat is in groep saakkundigen dy't advys jout oer it lânskip yn Fryslân. It plein soe komme moatte by de ôfrit fan de A7 nei De Jouwer. Oan it plein komme foarsjennings as in busstasjon, in fytsestalling en in restaurant.
It plan foar it kofjebeantsje komt út in grutter plan fan Atelier Fryslân oer it lânskip om it fernijde knooppunt fan De Jouwer hinne.