Himpkweker oanhâlden yn Dokkum

17 nov 2010 - 10:34

In 22-jierrige man út Koatstertille is troch de plysje oanhâlden, omdat er fertocht wurdt fan bystânsfraude en it runnen fan in himpkwekerij. De man waard oanhâlden doe't er by Dokkum yn de auto siet. Yn dy auto leine 32 pear sportskuon.

By de man thús fûn de plysje gjin kwekerij, mar wol 70 lampen. Yn de keuken lei boppedat 161 kilo oan yllegaal fjoerwurk. De man sit fêst foar ferhoar. De skuon, de lampen en it fjoerwurk binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)