Plysjeburo Bûtenpost ferkocht

It plysjeburo fan Bûtenpost
It plysjeburo yn Bûtenpost krijt wer in bestimming, der komt in sûnenssintrum yn. It Sintrum foar Ambulante Geestelijke Gezondheidszorg hat it gebou kocht en wol der takom maitiid yn. De ynstelling sit no ek al yn Bûtenpost, oan de Schepperstrjitte.
It plysjeburo stiet sûnt april fan dit jier leech as gefolch fan de besunigings by de plysje. Sûnt dy tiid hat de plysje in servicepunt yn it gemeentehûs yn Bûtenpost.