Hoareka net earder ticht

16 nov 2010 - 20:58
  • De gemeente lit de iepeningstiden yn de hoareka frij

De hoareka yn Achtkarspelen giet net oer op oare iepeningstiden. Der is neffens it gemeentebestjoer gjin animo om jûns earder ticht te gean. Achtkarspelen hat dêrom yn de nijste hoarekanota de iepenings- en slutingstiden frij litten.

Hjirby is ek sjoen nei de regels yn de buorgemeenten en nei it feit dat de gemeente krekt ta wol op minder regels fan de oerheid. Nije iepenings- en slutingstiden soe wer in ekstra regel betsjutte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)