'De Smearlappen' opnij útjûn

16 nov 2010 - 17:50

Yn it ramt fan 'Fryslân lêst syn toppers' ferskynt de roman 'de smearlappen' fan Anne Wadman opnij. Minsken kinne it boek fergees ophelje yn 15 bibleteken lykas dy fan Balk, Dokkum, Frjentsjer en Langwar, it berteplak fan Wadman. Fryslân lêst syn toppers is in projekt om it lêzen fan Fryske literatuer te befoarderjen.

Tusken april 2010 en febrewaris 2011 wurde fjouwer bysûndere romans opnij útjûn. It projekt is in inisjatyf fan Bibliotheek Service Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)