'Sietske H. al feroardiele'

Advokate Barbara Klunder docht de saak-Sietske H.
De advokaat fan Sietske H. út Nij Beets fynt dat har kliïnte al publyklik feroardiele is, omdat it iepenbier ministearje sein hat dat se bekend hat. Dat sei se tiisdei by de proforma-behanneling fan de saak by de rjochtbank.
Sietske H. út Nij Beets wurdt fertocht fan it deadzjen fan fjouwer fan har eigen bern. De fertochte wurdt no earst psychysk ûndersocht. Nei alle gedachten is de ynhâldlike behanneling fan de saak yn april takom jier.