Filmopnames Penny yn Hartwert

16 nov 2010 - 15:58

Regisseur Steven de Jong draait tiisdei yn Hartwert in sêne foar syn nijste film Pennys Shadow. De opnames fine plak op it hiem fan 'e pleats fan De Jong sels. Dêr wurdt yn in wetterbak in ferdrinkingssêne neispile. In spesjaal green screen stiet derby en dêr is letter de omjouwing fan 'e sêne op te sjen.

De film giet oer de hynst Shadow. Dy is neiteam fan Penny, ien fan 'e ferdronken rêdingsboathynders op It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)