Plannen Poortje bliuwe bestean

16 nov 2010 - 15:26

It bûten gebrûk stellen fan seis justisjele jeugdynrjochtings hat foarearst gjin gefolgen foar de plannen op It Hearrenfean. Jeugdynstelling Het Poortje wol dêr noch altyd nijbou. Het Poortje hat mei de gemeente Hearrenfean ôfpraat dat der binnen fiif jier dúdlikens komme moat oer de bou.

Justysje sit mei te folle kapasiteit en slút seis ynstellings. De nijbou op It Hearrenfean begjint dêrom earst noch net. Der is al wol grûn oankocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)