Digitale wolkombuorden Snits

© Omrop Fryslân
Snits hat alle seis digitale wolkombuorden yn wurking set. It earste boerd oan de Houkesleat is fan 't simmer al yn gebrûk naam. Sûnt ferline wike binne de buorden oan de Lemmerwei, de Boalserterbaan, de Oppenhuzerwei, de Ljouwerterwei en oan de wetterkant fan de Geeuw ek oanset.
De buorden wurde brûkt foar de oankundiging fan eveneminten yn de stêd. Se kinne boppedat ynset wurde by kalamiteiten en ferkearsstremmings.