Mei 200 km yn 'e oere oer A7

16 nov 2010 - 10:42

De plysje hat it rydbewiis fan in 45-jierrige man út Boalsert yn beslach naam. Hy ried op de A7 by Boarnsweach hast 200 kilometer yn 'e oere. Dêr is 120 it maksimum. De man koe yn Snits oan 'e kant set wurde. Hy hat proses-ferbaal krigen.

Fierders moast in 33-jierrige ynwenner fan Everdingen moandei ek it rydbewiis ynleverje by de plysje. Hy ried hast 140 kilometer yn 'e oere by Koarnwertersân, dêr't mar 70 mei. Dy bestjoerder krige ek in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)