Scooter yn grêft Nijstêd soald
Yn Ljouwert is in man fan 23 jier oanhâlden omdat er mei in pear oaren in scooter yn de grêft smiten hie. Tsjûgen hiene dat sjoen en de plysje belle. Sels giene se ek achter de fertochten oan.
Op de Nijstêd koene de plysjes en de tsjûgen de 23-jierrige man oanhâlde. Hy is meinaam nei it plysjeburo. De oare fertochten binne net pakt.