Postrinners TNT stake

16 nov 2010 - 07:29

350 Fryske meiwurkers fan TNT Post dogge tiisdei mei oan de lanlike aksjedei yn Den Haach. De postrinners stake. Dat betsjut dat de post net brocht wurdt en dat de brievebussen net lege wurde. De aksje wurdt holden omdat TNT Post goed trijetûzen minsken dien jaan wol fanwege besunigings.

De staking is moandeitejûn om alve oere begong en duorret oant tiisdeitejûn alve oere. As it protest neat úthellet, folgje der mear aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)