Friezen sunich yn desimber

Friezen jouwe it minste út oan Sinteklaas- en krystkado's fan hiel Nederlân. Dat hat in buro ûndersocht dat merklieder is yn moade- en lifestyle-artikels op ynternet.
Wol keapet ien op de fiif Friezen kado's yn de desimbermoanne, mar se jouwe der net mear as 25 euro oan út. It lanlik gemiddelde leit tusken de 25 en 50 euro. Friezen prakkesearje der net oer om presintsjes fan boppe de 100 euro te keapjen.