Byienkomst wenoerlêst Ljouwert

De gemeente Ljouwert hâldt tiisdei in ynformaasjebyienkomst oer wenoerlêst. Gemeente-amtners jouwe in taljochting op harren wurk as hanthaveners fan de wet. Spesjale oandacht is der dêrby foar keamerferhier. De plysje en it Meldpunt Overlast binne ek by de jûn belutsen. Doarpsbelangen en wykpanels út de gemeente binne útnoege om mei te dwaan oan it foarumdiskusje tusken belutsenen en riedsleden.
Doel is om meielkoar effektiver op te treden tsjin wenoerlêst.