Tiisdei start proses Sietske H

15 nov 2010 - 16:30

Tiisdei begjint it strafproses yn de saak fan de deade poppen yn Nij Beets. De 26-jierrige Sietske H. wurdt fertocht fan it ombringen fan har fjouwer krekt berne poppen.

Foar ien bernemoard kin in fertochte hjoed-de-dei feroardiele wurde ta maksimaal njoggen jier sel. As it om meardere poppen giet kin dit oprinne oant maksimaal 12 jier, in grut ferskil mei de straffen yn it ferline. Oant 1854 krigen froulju foar it delikt de deastraf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)