Breakfast Club op skoalle

De Breakfast Club, dat is de namme fan it inisjatyf fan de Ynternasjonale Skeakelklassen yn Drachten om learlingen moarns op 'e tiid begjinne te litten mei in moarnsbrochje.
It fenomeen 'moarnsbrochje' is rûnom bekend op basisskoallen yn Fryslân. De Ynternasjonale Skeakelklassen biede de Breakfast Club lykwols oan oan wat âldere jongeren, dy't meastentiids allinnich, sûnder âlden, nei Fryslân ta kaam binne en op 't stuit noch hieltyd yn in azc wenje.