Sukses mei ynset lokboaten

15 nov 2010 - 10:35

Troch de ynset fan saneamde lokboaten en lokbûtenboardmotors is it tal oanjeften fan stellerij fan boaten en bûtenboardmotors dit jier foar it earst werom rûn. De proef by Snits en omkriten is dêrmei sa'n grut sukses dat de plysje dy útwreidzje wol nei hiel Fryslân.

De plysje koe mei de lokboaten 16 minsken op 'e died trapearje. Dêrmei is it tal stellerijen mei 30 persint werom rûn. Elk jier wurde sa'n 350 boaten en bûtenboardmotors stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)