Jonge yn gesicht slein
Op de Robert Kochstrjitte yn Ljouwert is sneintemiddei in jonge fan 15 jier meardere kearen yn it gesicht slein. Oan de hân fan it sinjalemint kaam de plysje de dieder op it spoar, op in skoalplein yn de buert.
De dieder waard oanhâlden, mar fersette him bot en begûn te skellen. Hy waard yn de boeien slein en nei it plysjeburo brocht.