Famke ferwûne by ûngelok
Op de N351 by Makkingea is snein in auto tsjin in beam riden. Dêrby is in 9-jierrich famke ferwûne rekke. Har mem - in frou fan 29 jier út Haulerwyk - rekke mei de auto yn de berm. Se skuorde oan it stjoer en doe begûn de auto te slippen.
It famke is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.