Ferwûnen by ûngelok A7

15 nov 2010 - 06:51
  • (foto: Alex Zwart)

By in ûngelok op de A7 tusken Snits en De Jouwer binne sneintemiddei ferskate minsken ferwûne rekke. By it ûngelok wiene trije auto's belutsen. De brânwacht moast ferskate minsken út harren auto helje. It ûngelok soarge foar in ravaazje op de sneldyk.

De A7 yn de rjochting fan de rotonde waard ôfsletten. It ferkear moast omride. Guon automobilisten moasten lang wachtsje foar't se wer fierder ride koene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)