Servyske film wint Matad'or

De Servyske film Tilva Rosh is snein útroppen ta winner fan de ynterregiokompetysje fan it noardlik filmfestival yn Ljouwert. Dunja Kovacevic, ien fan 'e aktrises út de film, krige it Matad'or-byld útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries. De film giet oer it libben fan in groep jongeren, dy't eins harren sels spylje, yn de Servyske stêd Bor.
De publykspriis fan it filmfestival gie nei de film Majesteit fan Peter de Baan oer Keninginne Beatrix.