Himpkwekerij fûn yn Ljouwert

14 nov 2010 - 13:54

Troch in ynbraak yn in bedriuwsgebou oan de Castorwei yn Ljouwert hat de plysje de restanten fan in himpkwekerij fûn. Sneon krige de plysje melding fan in ynbraak. Doe't se dêr kamen seagen se dat der in rút ynslein wie. Ek wie besocht de doar iepen te brekken. Yn it foarste diel leine dielen fan himpplanten en potgrûn en achteryn wie de kwekerij.

It grutste part fan de rispinge fan 300 planten wie hiel gau fuorthelle, sa wie te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)