Nije ATB-rûtes oanlein

Yn it Drents Friese Wold wurde snein twa nije rûtes foar mountainbikers yn gebrûk naam. Dat wurdt dien mei in tydrit en in toertocht. De rûtes binne der kaam troch gearwurking fan feskate organisaasjes en de ynset fan frijwilligers.
De rûtes wurde oanjûn mei pealtsjes, ek stean se ôfdrukt yn folders dy't te krijen binne by de pleatslike besikerssintra en fytsesaken. By de belangrykste startplakken stean ek ynformaasjebuorden.