Bizarre slotfaze nekt Aris

13 nov 2010 - 23:56

De basketballers fan De Friesland Aris ferlearen sneon fan Nijmegen mei 89-83. De Ljouwerters stienen mei oardel minuut te gean noch foar, mar yn in bizarre slotfaze gie de ploech fan Pete Miller ûnderút.

It ferlies wie ekstra soer om't Aris hiel sterk útein setten wie. Yn it earste kwart stienen se mei 36-17 foar. Yn it tredde kwart pakte Aris in maksimale foarsprong fan 23 punten. Nijmegen wûn it fjirde kwart lykwols mei 35-10 en pakte sa de winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)