Flyers winne yn overtime

13 nov 2010 - 23:39

De iishockeyers fan de A6.NL Flyers ha ek harren twadde kompetysjewedstriid wûn. Yn eigen hûs waard it Belgyske Herentals mei 5-4 ferslein. Nei trije perioaden wie de stân 4-4, mar yn de ferlinging makke Vassili Titarenko de winnende goal.

In oar wichtich doelpunt kaam op namme fan Paul Vincent. Hy skoarde yn de lêste minút fan de 3e perioade de 4-4. Titarenko, Aaron Wilson en Brent Janssen makken de oare doelpunten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)