LDODK wint fan Drachten

13 nov 2010 - 22:54

LDODK hat de iepeningswedstriid yn de sealkuorbalhaadklasse mei 32-22 fan Drachten wûn. Yn in spannende mar net geweldige earste helte wiene beide ploegen oan inoar weage: 13-12.

Doe't nei it skoft de thúsploech it gat al gau op fjouwer punten brocht, wie it ferset fan Drachten brutsen. André Zwart (9) en Markus de Boer (8) wiene foar LDODK de topskutters. Arnoud Doornbos makke foar Drachten ek njoggen. Yn de haadklasse A spylje ek SCO en Mid-Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)